VVDer Jaarsma: regeare mei CDA

Ger Jaarsma fan VVD-Fryslân
De VVD moat ynsette op in regearing mei it CDA. Dat stelt foarsitter Ger Jaarsma fan de VVD yn Fryslân. No't in koalysje tusken VVD, PVV en CDA op neat útrûn is, moat as earste in kolleezje tusken VVD, PvdA en CDA ûndersocht wurde.
De PvdA liket dêr lykwols neat foar te fielen. Fraksjefoarsitter Job Cohen hat freed sein dat er sels it leafst it saneamde "Paars-Plus-kabinet' hawwe wol, mei VVD, PvdA, Grien Links en D66.