Islamitysk sintrum yn Drachten

18 jun 2010 - 12:50

In plak foar elkenien en foar alle religys. Dat is wat it nije islamityske multy-kulturele sintrum fan Drachten útdrage wol. Freed waard it nije sintrum oan de Langewyk feestlik iepene. Spesjale gast wie boargemaster Bert Middel dy't troch de islamityske mienskip yn Drachten mei alle egards ûntfongen waard.

Yn it sintrum is in kantine dy't foar elkenien iepen is. Ek is der in gebedsromte dêr't moslims fiif kear deis bidde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)