Wolkomsbuorden foar Fryslân

Besikers krije fan freed ôf in moaier wolkom yn Fryslân. Op 21 plakken oan de grinzen fan de provinsje komme nije wolkomsbuorden te stean. It giet om buorden yn de foarm fan in pompeblêd fan in meter yn trochsneed. De provinsje wol dêrmei de grinzen fan Fryslân better markearje.
De nije wolkomsbuorden komme ûnder oare op de Ofslútdyk, de sneldiken by Drachten en De Lemmer en op alve provinsjale diken.