Soargen Slappeterp oer sâlt

18 jun 2010 - 12:31

De ynwenners fan Slappeterp meitsje har soargen oer mooglike sâltwinning by it doarp. Frisia Sâlt wol oan de râne fan Slappeterp in nij fjild oanboarje en is drok dwaande mei de tariedings. Neffens de Slappeterpers kin dat wolris grutte gefolgen hawwe foar har doarp en de omjouwing.

Sa binne se bygelyks benaud foar grûndelgong, mar ek foar ekstra drokte om it doarp hinne. Doarpsbelang hat Frisia Sâlt frege in ynformaasjejûn te hâlden en dat is yntusken tasein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)