Jild Ljouwert foar huzebou

Ljouwert krijt goed sân ton fan it Ryk foar it stimulearjen fan de wentebou. It jild is bedoeld foar de start fan fiif projekten, dêr't meielkoar 124 wenningen boud wurde. Dy binne bedoeld foar minsken mei ferskillende ynkommens.
It Ryk komt mei it jild om de wenningbou wer op gong te krijen. Dy is ynsakke troch de ekonomyske krisis. Ljouwert krige al earder jild út de pot.