Froulju stelle klean
By in kleanwinkel yn it sintrum fan Ljouwert hawwe twa froulju tongersdei in grutte partij klean stellen. Personiel trappearre de froulju wêrnei't dy hurd de winkel útrûnen.
Oan de plysje waard in dúdlik sinjalemint trochjûn wêrnei't besletten waard om fia Burgernet minsken te freegjen nei de froulju út te sjen. De sykaksje hat gjin resultaat opsmiten.