Mear ynfo oer kuierpaden

Op beleeffriesland.nl komme ek kuier- en ruterpaden
Op de webside beleeffriesland.nl komt mear ynformaasje oer kuier- en ruterpaden. Dat hat de provinsje tasein oan in tal steateleden. Dy hiene der by de provinsje op wiisd dat op de toeristyske promoasjeside amper ynformaasje te finen is oer mooglikheden foar kuierders en ruters.
Der sil no mei de organisaasje achter de webside oerlein wurde oer ferbetterings. Der komt dan ek omtinken foar sliep- en ytmooglikheden ûnderweis.