EK shorttrack nei Hearrenfean

Shorttracker Sjinkie Knegt (foto: Martin de Jong)
It Europeesk kampioenskip shorttrack wurdt it kommende reedrydseizoen op It Hearrenfean organisearre. Fan 14 oant en mei 16 jannewaris komme de bêste shortttrackers fan Europa nei Thialf.
Dit jier waarden de Europeeske kampioenskippen yn it Dútske Dresden hâlden. Dêrby helle it Fryske talint Sjinkie Knegt foar it earst in finaleplak tusken de Europeeske toppers. Ek in oare Fries, Daan Breeuwsma, sil besykje him te pleatsen foar it evenemint.