Fuotbalskuon foar Afrika

Fuotbalklups út Jobbegea, Terwispel en Lippenhuzen biede snein hûnderten fuotbalskuon oan oan Score Nederland. Dy organisaasje besiket mei sportaktiviteiten minsken yn Súd-Afrika fierder te helpen.
De skuon binne bedoeld foar in plattelânsmienskip by Mokopane, dêr't bern no faak op bleate fuotten fuotbalje. De skuon binne de ôfrûne moannen ynsammele troch de fuotbalklups. Se wurde snein oanbean oan de lanlik foarsitter fan Score.