Ofskied tsjerke Rinsumageast

Yn Sibrandahûs wurdt noch wol tsjerke
De federative protestantske gemeente fan Rinsumageast en Sibrandahûs nimt snein ôfskie fan ien fan syn tsjerkegebouwen. Fanwege it weromrinnend tal besikers wurdt de tsjerke oan de Tsjerkestrjitte yn Rinsumageast tenei net mear brûkt.
Kommende snein wurdt foar it lêst in tsjinst hâlden yn it gebou. Dêrnei wurde de tsjinsten hâlden yn de Alexandertsjerke yn Rinsumageast.