Kuorbalbeker net nei Drachten

18 jun 2010 - 06:21

De kuorballers fan Drachten/Van der Wiel binne der tongersdei yn de finale om de noardlike kuorbalbeker net yn slagge te winnen fan Nic/Alfa-College út Grins. De wedstryd, dy't yn Snits spile waard, einige yn 16-12 foar Nic.

Fan beide ploegen moast nei ôfrin in spiler him behannelje litte yn it sikehûs, fanwege ferwûnings dy't er oprûn hie yn de twadde helte. Yn dy helte kaam Drachten noch werom oant in ferskil fan twa punten, mar úteinlik slagge it net om te winnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)