Fjouwer bunder ferlern by Hee

17 jun 2010 - 22:12

By de brân by Hee op Skylge is tongersdei sa'n fjouwer bunder natuer ferlern gien. De brân wie yn in dúngebiet flakby in kemping. Dy hat gjin gefaar rûn. De brân is mooglik ûntstien troch in sigarettepeuk.

Besikers fan in Oerol-foarstelling dy't flakby de brân wiene hawwe holpen by it útmeitsjen fan de brân. Ek de brânwacht, plysje en Steatsboskbehear wiene behelle yn it blussen. De brânwacht hat noch oan it begjin fan de jûn oan it neiblussen west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)