Utwreiding bedriuwen djoerder

17 jun 2010 - 20:58

Troch in oanpassing fan de wet wurdt it foar boeren yn de takomst folle djoerder om harren bedriuw in lyts bytsje út te wreidzjen. Ek foar bygelyks de útwreiding fan in hinnehok moat tenei in saneamde Miljeu Effekt Rapportaazje opmakke wurde. Dêrmei wurdt ûndersyk dien nei de gefolgen fan de útwreiding op it miljeu.

Deputearre Piet Adema is benaud dat dêrtroch bedriuwen yn de knipe komme. Adema wol dat de Twadde Keamer dy oanpassing weromdraait.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)