Grutte konferinsje duorsumens

17 jun 2010 - 19:29

Op Skylge begjint yn septimber in earste grutte konferinsje oer duorsumens mei 200 dielnimmers. De konferinsje krijt de namme Springtij en der moatte allegear pommeranten wat fertelle oer de miljeuproblemen dêr't Nederlân de kommende jierren mei te krijen hat.

It úteinlike doel fan de konferinsje is foaral om dúdlik te meitsjen hokker miljeubelied nedich is om de takomst fan Nederlân feilich te stellen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)