Rouvoet iepenet Woodbrokers

Minister Rouvoet komt nei Koartehimmen
Demisjonêr minister Rouvoet foar Jeugd en Gesin sil nije wike tongersdei it behannelsintrum foar jongerein 'de Woodbrookers' yn Koartehimmen offisjeel iepenje. Hy docht dat tegearre mei deputearre Schokker.
It behannelsintrum is al in heal jier iepen en is bedoeld foar jongeren tusken de tolve en achttjin jier mei gedrachsproblemen. Doel fan de behanneling is om de jongeren wer sa gau as mooglik yn harren normale libbenspatroan te krijen.