Strange oanpak eterpiraten

17 jun 2010 - 13:58

It agintskip Telecom sil eterpiraten hurder oanpakke. Sy krije tenei fuortendaliks in boete fan 2500 euro.

Doel is om yllegale útstjoerings foar te kommen. De strange oanpak rjochtet him op eigners of hierders fan perselen dêr't in antennemêst stiet dy't gaadlik is foar yllegale útstjoerings. Ynspekteurs fan it agintskip sille by dizze eigners of hierders del mei in brief dêr de boete fan 2500 euro yn oankundige wurdt. Dêrnei wurdt yntinsyf kontrolearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)