Gea wol prate oer kompromis-As

17 jun 2010 - 12:30
Ultsje Hosper fan it Fryske Gea song woansdei ek mei yn it protestkoar

It Fryske Gea wol bêst op fersyk fan provinsjale steaten mei deputearre Adema oer de Sintrale As prate, mar dan moat wol in kompromis mooglik wêze oer de oanlis fan de dyk tusken Dokkum en Nyegea. Sa lang de provinsje fêsthâldt oan it sels keazen trasee mei in fjouwerbaansdyk, hat in nij petear gjin doel, seit direkteur Hosper fan It Fryske Gea.

Mei 9 oare organisaasjes én sjongeres Nynke Laverman liet It Fryske Gea woansdei in muzikaal protest hearre.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)