Sân kij yn jarrekolk Britswert

17 jun 2010 - 11:47

Yn in lisboksstâl yn Britswert binne tongersdeitemoarn sân kij yn de jarrekolk sakke. Dat kaam omdat de flier dêr't se op stiene oer in lingte fan 20 meter skuorde. De kij binne der troch de brânwacht fan Mantgum en Wommels en in leanbedriuw úttakele mei in spesjale kowetakel. Se hawwe hjir mei-inoar sa'n trije oeren mei dwaande west.

Alle kij hawwe it aventoer oerlibbe. De lisboksstâl is sa'n tritich jier âld en soe al renovearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)