Oppasâlders krije diploma

16 jun 2010 - 22:59

153 gastâlders fan de Stichting Kinderopvang Zuidwest Friesland hawwe woansdeitejûn yn Snits it MBO diploma 'Helpende Zorg en Welzijn' krigen. De oppasmemmen hawwe tsien wiken oan de Friese Poort studeard omdat it moat fan it regear. Dat is ferline jier besletten.

As âlders gjin gebrûk meitsje fan diplomearde oppasmemmen dan krijge se fan 1 septimber ôf gjin berneopfang taslach mear. It wie foar it earst dat de diploma's útrikt waarden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)