Weening fiifde yn prolooch

Pieter Weening (argyffoto)
Pieter Weening is woansdeitejûn mei in fiifde plak yn de prolooch goed begûn oan de Ster Elektrotoer. Yn Gemert fytste hy de 6,8 kilometer yn 7 minuten en 51 sekonden. Trije fan syn Rabobank-ploechmaten diene it noch better. Winner Jos van Emden wie tsien tellen rapper, Lars Boom sân en Sebastian Langeveld trije. Fjirde waard Alex Rasmussen fan de Saxo-bank, ek op tsien sekonden.
De Ster Elektrotoer troch Súd-Nederlân en België duorret oant en mei snein.