FNP-fragen oer weryndieling

Galema sil mei senatoaren oer de weryndieling prate
De FNP wol fan deputearre Galema witte wat hy de Earste Keamer meidiele sil oer de weryndieling yn de Súdwesthoeke. Galema hat ynkoarten in petear mei leden fan 'e kommisje ynlânske saken fan de Earste Keamer.
De partij wol no witte wat de deputearre sizze sil. Der soe yn de senaat betizing wêze oer de útlis fan 'e moasje oer de weryndieling. Yn dy moasje fregen de steaten oan deputearre steaten om gjin posityf advys te jaan oer de weryndieling.