Slim ûngelok by Wynjewâld

16 jun 2010 - 16:41

Op de N381 by Wynjewâld hat him woansdeitemiddei in slim ûngelok foardien. In tankauto is yn botsing kaam mei twa persoane-auto's. Dêrby binne ferskate minsken beknypt rekke. Neffens de plysje giet it om trije slachtoffers. Hoe slim se ferwûne binne kin de plysje noch net sizze. Wol is in traumahelikopter ynflein.

Neffens de plysje wie de tankwein leech, mar der lekte wol disel út. It ferkear op de A7 en op de N381 wurdt omlaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)