Nynke sjongt tsjin Sintrale As

16 jun 2010 - 16:04

De tsjinstanners fan 'e Sintrale As ha in protestliet makke. Der waard woansdeitemiddei drok oefene yn kafee Wouters yn Ljouwert. Letter op de dei sille de tsjinstanners mei Nynke Laverman de saneamde Wâldsang sjonge foar de steatekommisje. Want dy praat woansdei oer de Sintrale As.

It liet giet oer hoe moai de Fryske Wâlden binne. De tsjinstanners pleitsje foar in griene sintrale as, in goedkeaper alternatyf oer besteande diken, dy't it lânskip sparret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)