Jojo-wrâldrekôr yn Snits

16 jun 2010 - 14:48

Yn Snits waard woansdei in bysûnder wrâldrekôr behelle. Op de brede skoalle fan Dúnterpen moasten tûzen bern besykje om twa minuten te jojojen. Dat slagge lang om let 715 learlingen en dêrmei waard it âlde rekôr fan 662 jojo-ers út Ingelân ferbrutsen. Der wiene fiif meiwurkers fan in notariskantoar by om de jojojende bern te kontrolearjen.

Mei it rekôr is ek jild ynsammele foar de Stichting Leergeld Sneek dy't minsken mei in leech ynkommen stipet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)