Snits ferwidert fytswrakken

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits begjint tongersdei in aksje om fytswrakken by it stasjon op te romjen. Tongersdei krije de wrakken earst in stikker. As se foar 23 juny net fuort binne wurde se troch de gemeente ferwidere. De eigners kinne de fytsen binnen seis wike ophelje. Se moatte dan wol de kosten foar it fuortheljen en bewarjen fan 'e fytsen betelje.
Neffens de gemeente soargje de wrakken foar in soad oerlêst om't se yn it paad steane.