Fytsers botse op Oerol

In frou (61) út Heemstede is tiisdei ferwûne rekke troch in ûngelok op Skylge. De frou fytste op de Hoofdweg en waard oanriden troch in fytser (27) út Den Haach. De man ried slingerjend oer it fytspaad. Om in oare fytser ûntwike te kinnen, ried de man by de frou op. It slachtoffer foel en rekke ferwûne oan de holle en de nekke.
Se is mei in ambulânse nei de dokterspraktyk yn Midslân brocht. De fytser waard meinaam nei it plysjeburo. Hy hie tefolle dronken.