Subsydzje Alde Fryske Tsjerken

De Stichting Alde Fryske Tsjerken hat sa'n 175.000 euro subsydzje tasein krigen fan it Ryk. Mei dit jild kin de dakruter, in tuorke op de tsjerke fan Koartsweagen, en it oargel fan Boksum restaurearre wurde.
It jild komt fan in spesjale regeling fan it ministearje, dat 37 stiftingen oanwiisd hat as dé organisaasje foar monumintebehâld. Sa kinne dizze organisaasjes makliker sybsydzje krije.