Technoteek yn Boalsert

Der moatte mear skoalbern rjochting technysk ûnderwiis en dêr moat de Technoteek Boalsert foar soargje. It is in unyk projekt dat mooglik wurden is troch it moderne technologylokaal fan it Marne College.
It unike is dat ek learlingen fan de basisskoallen fan Boalsert gebrûk meitsje kinne fan it lokaal. En dat kin omdat de technyske lessen en programma's fan it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis yn Boalsert op inoar ôfstimd binne.