Alvestêden op erfguodlist?

De provinsje krijt nei de simmer te hearren oft nei it Woudagemaal en it Waadgebiet ek de Fryske Alvestêden in plakje krijt op de Wrâlderfguodlist fan Uneco.
Ferline jier stjoerde de provinsje de oanfraach op nei it ministearje fan Kultuer. De provinsje tinkt mei in mooglike útferkiezing Fryslân noch better op de kaart sette te kinnen. Yn septimber jout de kommisje dy't de oanfraach behannelet útslútsel oer de oanwizing.