Protestaksje swimbad Westereen

16 jun 2010 - 07:12

Op 2 novimber pas sil de gemeenteried fan Dantumadiel in beslút nimme oer it wol of net sluten fan swimbad De Frosk yn De Westereen.

Tiisdeitejûn al wie der in protestaksje by it gemeentehûs yn Damwâld. Mear as hûnderd swimmers trúnden der mei kabaal by de wethâlder op oan om it bad iepen te hâlden. Mar de gemeente moat oardel miljoen euro besparje en dus rint it swimbad gefaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)