Achtkarspelen hat jild oer
De gemeente Achtkarspelen hat oer it jier 2009 jild oerhâlden. It giet om in bedrach fan 1,3 miljoen euro.
It oerskot is ûnder oaren feroarsake troch in tal meifallers. De 1,3 miljoen wurdt taheakke oan de algemiene reserve fan Achtkarspelen.