Bewenners Vlietsône yn aksje

Bewenners fan de Vlietsône yn Ljouwert sette har yn tsjin de oerlêst yn harren buert. Nije wike woansdei organisearret it wykpanel in bijienkomst foar de bewenners. It giet dan om oerlêst troch drugspanden en problemen mei húskemelkers. Nije wike wolle ynstânsjes en bewenners sjen hoe't mei-inoar de problemen oanpakt wurde kinne.
De Vlietsône yn Ljouwert is de buert oan wjerskanten fan it Vliet, yn it âlde easten fan de stêd.