Suderseejild grut ynsette

15 jun 2010 - 17:14

It jild dat Fryslân krijt foar it net trochgean fan de Suderseeline mei allinnich foar grutte projekten brûkt wurde. Allinnich dan wurdt it jild effektyf ynset. Dat skriuwe deputearre steaten yn in notysje oan provinsjale steaten.

Neffens deputearre Galema wurdt sa foarkommen dat it jild fersplintere oan allerhanne lytse saken útjûn wurdt. Fryslân hat 213 miljoen euro beskikber foar it saneamde Ruimtelijk Economisch Programma, it REP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)