Fryslân is moaiste provinsje

Fryslân is de moaiste provinsje fan ús lân. Dat fynt de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap. Dy organisaasje hat alle provinsjes beoardield op ûnder oare de oanwêzichheid fan natuer en bosk en op it behâld fan it oarspronkelike agraryske karakter.
Neist Fryslân wie ek de provinsje Utrecht nomineard. By de útrikking, tiisdeitemiddei yn Amsterdam, liet kommissaris Jorritsma witte wakker op 't skik te wêzen mei de ferkiezing.