Bewiislêst mynbouwet omdraaie

Gemeentekantoar Hearrenfean
De gemeenteried fan Hearrenfean wol dat de Twadde Keamer de saneamde bewiislêst yn de mynbouwet omdraait. Neffens de wet moatte no partikulieren dy't miene skea te hawwen fan gas- en oaljeboarrings dat sels oantoane. Hearrenfean fynt dat net earlik en wol dat gasmaatskippijen bewize dat sy net de skea feroarsake ha.
Der is no in brief nei Den Haach ferstjoerd, omdat gasbedriuw Vermillion tastimming krigen hat foar gasboarings by Nijhoarne/Ketlik.