Plan bernesintrum falt min

15 jun 2010 - 15:53

It plan om op 'e Harkema in bernesintrum te bouwen falt min yn it doarp. It sintrum, mei berneopfang en in pjutteboartersplak, soe komme moatte op it plak dêr't no it gimmestyklokaal stiet. In protte Harkemasters fine dat dêr senioarewenten komme moatte.

Pleatslik Belang hie foarich jier yn in notysje oer akkomodaasjes yn it doarp ek al pleite foar de komst fan it bernesintrum op in oar plak, by sporthal De Fûgelkamp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)