Undersyk Comenius ôfsletten

Comeniusskoalle yn Ljouwert
De plysje hat it ûndersyk nei de stellerij op it Comenius ôfsletten. It iepenbier ministearje beslút ynkoarten at der fertochten ferfolge wurde. Der binne 36 fertochten fan 14 oant 17 jier troch de plysje heard. Fjouwer fan harren binne foarlaat oan de rjochter-kommissaris.
Se binne allegear frijlitten. De groep wurdt fertocht fan fertsjustering fan in grut jildbedrach en it sjantearjen fan oare learlingen.