Wer wetter Harns fia omlieding

Ynwenners fan Harns en omkriten ha de kommende dagen te krijen mei in minder hege druk fan it kraanwetter. Dat meldt Vitens. Ien en oar hat te krijen mei reparaasjewurksumheden oan in stikkene transportlieding ûnder de Ungabuursterwei yn Harns. It lek ûnstie tiisdei om in oer as alve.
Tsjin ienen hiene sa'n 20 oan't 25-tûzen minsken wer liedingwetter. Dat waard dien troch de distribusje fan wetter oars te regeljen.