Feartsjinst It Amelân te djoer

15 jun 2010 - 12:08

De feartsjinst fan en nei It Amelân is te djoer. Dat fine de measte Amelanners dy't moandei by in ynformaasjegearkomste fan reizgersorganisaasje Rocov wiene. Goed tritich eilanners joegen in reaksje op it konseptprogramma fan easken foar de fearboaten nei It Amelân.

Utsein de hege tariven binne de measte minsken wol tefreden oer de feartsjinst fan Wagenborg. Wol binne der opmerkings oer de tsjinstregeling en de besetting fan de boaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)