Zonderland mist NK turnjen

Epke Zonderland
Epke Zonderland moat it Nederlânsk kampioenskip turnjen kommend wykein sjitte litte. De skouders fan de Lemster binne oerbelêste en dus moat Zonderland rêst nimme. Ferline jier miste hy it NK ek al, doe troch in blessuere oan it ankel.
It linkerskouder fan Zonderland is al langer in swak punt, mar de rjochter is der no ek noch bykaam. De Lemster makket him lykwols gjin soargen oer syn dielname oan it WK turnjen, letter dit jier yn Rotterdam.