Ousterhaule wol boarterspark

15 jun 2010 - 10:43

It doarp Ousterhaule komt no sneon yn aksje foar de oanlis fan aventoerlik boarterspark yn it doarp. Der moat 5000 euro op it kleed komme foar de útfiering fan in plan, dat ûnder oare bestiet út klimtastellen, in skelter- en crossfytsbaan en in aventoerlik boartersplakje mei wetter en beamstammen der oerhinne.

De tekeningen binne klear, de romte is beskikber en der binne frijwilligers genôch, dy't de hannen út de mouwen stekke wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)