Harkemaster fernielt 16 ruten

15 jun 2010 - 10:23

In 19-jierrige ynwenner fan De Harkema hat moandeitejûn 16 ruten stikken slein fan in wenning oan de Elzen yn syn wenplak. De 44-jierrige bewenner wie wekker wurden fan glêsgerinkel. Yn syn hûs wie in grutte ravaazje ûntstien troch al it glês.

De bewenner hie de fertochte sjoen en warskôge de plysje. Dy liet de jonge nei it buro komme, wêr't er oanholden waard. It is noch net dúdlik wêrom de fertochte de ruten fernield hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)