Man falt troch dak yn De Tynje

15 jun 2010 - 10:03

In 35-jierrige man fan De Tynje is moandeitejûn swier ferwûne rekke nei't hy troch it dak sakke wie. De man foel fiif meter nei ûnderen en kaam hurd telâne op in betonnen flier.

It slachtoffer wie dwaande mei it lizzen fan nije dakplaten op in skuorre. De man út De Tynje is nei sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)