Dokter MCL swier mishannele

15 jun 2010 - 09:49

In dokter fan sikehûs it MCL yn Ljouwert is moandei swier mishannele troch in pasjint. In 26-jierrige Ljouwerter wie nei it sikehûs brocht, omdat hy GHB-drugs brûkt hie. Yn it sikehûs gie de man oer de skreef en sloech yn op in dokter.

Dy rekke ferwûne oan syn gesicht en in hân. De dieder is troch de plysje oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)