Nije doelman foar Hearrenfean
SC Hearrenfean hat René Oosterhof fan FC Zwolle fêstlein. De 20-jierrige doelman tekenet in kontrakt foar trije seizoenen. De yn Zwolle berne doelman makke syn debút yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles dy't mei 1-0 ferlern waard. Yn dy wedstriid makke Oosterhof in goeie yndruk op de skouts fan Hearrenfean.
Oosterhof wurdt helle foar de A-seleksje. Hy is nei Brian Vandenbussche, Kenny Steppe en Diederik Bangma de fjirde keeper.
Trefwurden:
argyf