Boerd by Halfweg en de Leegte

14 jun 2010 - 21:35

Kollumerlân is hast klear mei it pleatsen fan buorden by syn buorskippen. Yn 2005 bepaalde de gemeenterie dat Kollumerlân der 15 buorskippen by krije moast. It giet dan om gebieten dy't lânskiplik weardefol binne en wêrfan't de histoaryske namme bewarre bliuwe moat.

De ôfrûne tiid waarden al by njoggen buorskippen buorden pleatst. Moandei kamen dêr Halfweg en de Leegte by. Dy binne te finen oan de eastkant fan Warfstermûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)