Munt foar Alvemarrehappening

14 jun 2010 - 17:23

Dielnimmers oan it Alve Marre-evenemint, dat it kommend wykein yn de Súdwestehoeke hâlden wurdt, krije nei ôfrin in spesjale penning. Dy wurdt slein by de Koninklijke Nederlandse Munt yn Utrecht. De penning is foarsjoen fan spesjale tekens, dy't de echtheid oanjouwe.

Doel is dat by nije edysjes fan it Alve Marre-evenemint ek in nije munt slein wurdt. By it Alve Marre-evenemint kin troch it hiele gesin meidien wurde oan sportive aktiviteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)