Oanhâldings fanwege laserpen

14 jun 2010 - 16:14

De keninklike maresjesee hat twa Ljouwerters fan 19 en 21 jier oanhâlden. Sy wurde der fan fertocht dat se ferskate kearen helikopters fan de fleanbasis yn Ljouwert mei in laserpenne beskynd ha.

De maresjesee wie al in skoft op syk nei de fertochten, neidat piloaten fan SAR-helikoptes oanjefte diene fan hinder by de landing troch it beskinen. Ek moast in befeiliger fan de fleanbasis him behannelje litte oan de eagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)