Tige grut skip yn haven Harns

14 jun 2010 - 16:03

Yn de haven fan Harns wurdt de kommende wiken wurke oan de grutste boat dy't de stêd ea oandien hat. It giet om in saneamde supply vessel, in kombinaasje fan in sleepboat en in befoarriedingsskip.

It gefaarte is 78 meter lang, 17 meter breed en stekt acht meter djip. Under wetter sille dûkers de boat opknappe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)