Priis foar Hampie Bakker

14 jun 2010 - 15:14

De Pommeranten Pries fan 'e Ljouwerter Historyske ferieniging Aed Levwerd is it ôfrûne wykein útrikt oan Hampie Bakker (78), de earste Ljouwerter prof-fuotballer.

Bakker hat mar by ién klup spile: VV Leeuwarden. Doe't dy klup ophâlde mei betelle fuotbal en Cambuur dermei begûn, hope de altyd skerpe stopper-spil in plakje yn de nije seleksje fan Cambuur te krijen. Hichtepunt yn 'e karriêre fan Bakker wie Leeuwarden-Heerenveen yn 1953: 6-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)